Survivalrunsport optein oer stipe fan NOC*NSF

De survivalrunsport kin sûnt tiisdei rekkenje op de stipe fan sportkoepel NOC*NSF. Dat nijs makke Mark Huizinga, foarsitter fan de Nederlandse Survivalrun Bond, bekend by de NOS. Huizinga, yn 2000 winner fan Olympysk judogoud yn Sydney, is al jieren fanatyk beoefener fan de Survivalsport. Ferline jier wie hy noch dielnimmer oan de Biddle Survival Run yn Koatstertille. De foarsitter fan dy klup, Theo Posthumus, is tige bliid mei it lidmaatskip fan de NOC*NSF. "It smyt erkenning op en finansjele stipe om de survivalrunsport te ûntwikkeljen."