Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard ferbjustere oer Spiker

De Wurkgroep Aldereinsoarch Ternaard is tige ferbjustere oer it beslút fan de Kwadrantgroep om wensoarchsintrum Spiker yn it doarp te sluten. Neffens Eelke Godijk fan de wurkgroep binne sy jierren lang troch de Kwadrantgroep oan it lyntsje hâlden. Se fiele harren oerfallen troch it beslút, dat de 38 bewenners binnen in jier ferhúzje moatte.
De wurkgroep wol no mei de ynwenners yn oerlis om te praten oer alternativen om de aldereinsoarch foar it doarp te behâlden.
"It is in enoarme klap foar it doarp" seit Eelke Godijk. "We ha jierren dwaande west om de soarch yn it doarp te behâlden, we witte dat it gebou net yn al te bêste tastân is, mar dit nijs komt hurd oan." Nei it fallisemint fan Pasana yn 2014 is de wurkgroep oprjochte mei dêryn minsken fan doarpsbelang, soarch, tsjerke en middenstân. "Mei de Kwadrantgroep ha we hieltyd praat en socht nei mooglikheden, mar no ynienen is sûnder oerlis it beslút nommen dat Spiker ticht moat."
De Kwadrantgroep seit yn in reaksje dat se kennis naam ha fan de krityk en dat se mei de partijen yn petear wolle om útlis te jaan.