Janpier Brands fan Neushoorn nominearre foar priis
Direkteur Janpier Brands fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert is nominearre foar in IJzeren Podiumdier. Dat binne prizen dy't de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals alle jierren útrikt. Der binne ferskate kategoryen.
Yn de kategory Bêste Festival is Into the Great Wide Open op Flylân nominearre. Yn jannewaris wurdt op it festival Eurosonic Noorderslag yn Grins bekend makke wa't de prizen krije.