Nyk de Vries mei Fryske edysje Renger op Explore the North

Boek 'Renger' fan skriuwer Nyk de Vries © Boekomslach Nyk de Vries
Nyk de Vries syn roman Renger is der no ek yn it Frysk. De Nederlânsktalige edysje fan Renger is al in jier op de merk. De skriuwer presintearret de Fryske Renger op it festival Explore the North yn Ljouwert. Dat sil no sneon wêze yn kafee De Friesche Club.
Nyk de Vries is skriuwer en muzikant. Hy sil op de presintaasje yn syn memmetaal út de roman foardrage, dêr't er yn septimber de Piter Jelles Priis mei wûn. Dêrneist sil er yn it Frysk fragminten bringe út syn harkspul, basearre op it boek, dat er makke hat foar Radio 1.
Gjin oersetting
Foar Nyk is de Fryske edysje fan 'Renger', dy't in jier lyn yn it Nederlânsk ferskynde by De Arbeiderspers, net in oersetting: 'Hiel wat stikken út it boek haw ik earst yn it Frysk skreaun. Ik fyn it moai dat it boek der no is yn de taal dêr't it yn bard is.'
Hobbyrockers
Foarôfgeand oan de presintaasje is de 'Grote Stichting Hobbyrock en hun Encyclopedie Show’, in programma fan de Hobbyrockers dêr’t Nyk ek ûnderdiel fan is. Dêrfoar spilet Meindert Talma, ek in Hobbyrocker, ferskes fan syn nije album oer Jannes van der Wal.