Fryske bernedeiferbliuwen wol aardich feilich

De Fryske bernedeiferbliuwen binne oer it generaal aardich feilich. Dat lit GGD-Fryslân witte as reaksje op berjochten fan GGD-Nederlân dat, benammen yn de grutte stêden, in soad mis is mei de feilichheid yn bernedeiferbliuwen. Yn de earme wiken fan grutte stêden soe hast de helte fan bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken net feilich wêze.
Yn Fryslân is dat net oan de oarder, seit Frans Haenen fan GGD Fryslân. Ek de bernedeiferbliuwen yn de earmere wiken fan Ljouwert binne feilich, sa blykt út de gegevens fan de GGD.
Elts jier kontrôle
De GGD kontrolearret alle bernedeiferbliuwen ien kear yn it jier. De bernedeiferbliuwen binne oanslutend ferplichte om de rapporten fan de GGD iepenbier te meitsjen op harren website. De GGD fiert kontrôle út op ferskate nivo's. Bernedeiferbliuwen dy't de saken goed foarinoar hawwe krije de kleur grien en krije allinnich mar in lichte kontrôle. Bedriuwen mei grutte feroarings, lykas nije meiwurkers, fúzje of grutte groei, krije in mear wiidweidiger kontrôle. Dy kontrôles fine ûnferwachte plak, sûnder ôfspraak yn 't foar. Redenen om te twifeljen oer de feilichheid fan bernedeiferbliuwen yn Fryslân is der yn de regel net. De GGD sjocht ek gjin ferskil tusken feilichheid by de gruttere ketens en lytsere selsstannige oanbieders fan bernedeiopfang.
Ferbetterpunten
Yn de praktyk sjogge ynspekteurs fan de GGD by ynspeksje wol in stikmannich lytsere ferbetterpunten. De organisaasje foar berne-opfang krijt oanslutend de gelegenheid om dy te ferbetterjen. De measte organisaasjes foar berne-opfang nimme de feilichheid hiel serieus, sa is de yndruk fan de GGD, en itselde jildt foar de measte Fryske gemeenten.