Petysjes oan it regear foar bredere slûs Koarnwertersân

In delegaasje fan VNO-NCW, belangeklups en fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen út it Noarden sille tiisdei yn Den Haach twa petysjes oanbiede oer it belang fan in bredere slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. In bredere slûs is belangryk foar it bedriuwslibben. It smyt sa'n 2500 banen by skipswerven en taleveransiers.
De doarpsbelangen fan Makkum, Urk en Vollenhove sizze dat mear wurk goed is as middel tsjin de krimp. In bredere slûs kostet 150 miljoen euro. Regionale oerheden en bedriuwen ha in grut part fan dat jild al binnen.
It ministearje moat noch mei 30 miljoen euro oer de brêge komme. De minister wegeret oant no ta, mar op 28 novimber wurdt der in moasje yntsjinne dy't de minister op oare gedachten bringe moat. Mei de petysjes tinke de partijen genôch stipe ûnder de keamerleden te krijen.