Fiifde fertochte mishanneling treinpersoniel noch net fûn

De plysje siket noch hieltyd in fiifde fertochte fan de mishanneling fan twa konduktrises en in masinist op sneon 9 july op it stasjon fan Ljouwert. Trije jongeren, fan in groepke fan fiif, sieten sûnder identiteitsbewiis yn de trein en krigen dêrfoar in boete. Der ûntstie diskusje, wêrnei't de groep de kondukstrises oanfoel.
In masinist dy't syn kollega's helpe woe, krige in klap tsjin de holle. De groep naaide dêrnei út. Fan fjouwer jongeren wit de plysje wa't it binne. Allinnich de fiifde man is noch spoarleas.
Op de webside fan de plysje stiet in oprop foar tsjûgen. Op foto's is te sjen dat de man in spikerbroek en in wyt shirt oan hie en in wite pet op.