Plysje Ljouwert hâldt oertrêders oan

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 28-jierrige drankrydster oanhâlden. De frou waard op de Wurdumerpoartsdwinger oan de kant set. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.
In 20-jierrige Ljouwerter is deselde nacht oanhâlden om't hy him ûnder ynfloed fan drank en drugs ferfelend en agressyf gedroech yn in hoarekasaak yn de Doelesteech. De man raasde, skold minsken út en foel minsken lestich. Hy koe him ek net identifisearje. De man krige meardere prosessen-ferbaal en in hoarekaferbod fan twa jier.