Kollum: "Wêr is dat feestje?"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Yn de lawine oan nijsberjochten dy’t alle dagen oer ús útstoart wurde, bart it wol ris dat in nijtsje net de oandacht krijt dat it fertsjinnet. Dat is soms spitich en soms ûnterjochte. Omdat beide omskriuwings fan tapassing binne op it neifolgjende berjocht, set ik dêr graach noch even de skynwerper op.
Witte jim noch, o trouwe harkers, dat ik it foarich jier –en ek dit jier- gauris oer it fuortbestean fan de Omrop hân ha, en benammen oer it ferdwinen fan de selsstannigens fan ús stjoerder? Wolno, begjin novimber 2016 kaam it nijs dat de fúzje fan de regionale omroppen fan de baan is, en Omrop Fryslân dus as selsstannige stjoerder bestean bliuwt. Blaast den bazuin en roert den tromme! Fansels, de Omrop krijt wol oardel miljoen euro minder yn it jier te besteegjen, en yn de tekst fan it bestjoersakkoart stiet it wurdsje ‘foarearst’ –dat safolle betsjut as ‘voorlopig’- mar hee, alle fêste meiwurkers kinne yn tsjinst bliuwe en alle programma’s kinne makke wurde.
Reden genôch foar in feestje. Want hoe’t je it ek besjogge: foar in minderheidstaal as it Frysk is it hawwen fan radio- en telefyzjeprogramma’s yn de eigen sprake fan it grutst mooglike belang. En dy ha èn hâlde wy. Taal kin thús wêze. Seit ek Rein Tolsma, de stim fan it stasjon dy’t mei pensjoen giet: ‘Minsken fiele harren dêrom thús by ús.’ Puristen lizze trouwens geregeld oan de soerstof en de defibrillator fanwegen it behyplik taalgebrûk fan guon meiwurkers. Lykwols, taal is yn beweging en wy bewege allegear mei. Taal ferbynt. En de Omrop spilet dêr in grutte rol yn.
Om dy bân tusken stjoerder en harker/sjogger te ûnderstreekjen soe in feest fansels machtich wêze. In spetterjende Omropdisko. Om noch better mei-inoar yn de kunde te kommen. Der binne genôch dj’s om sa’n jûn ta grutte hichten te jeien. Fan Femke oant Willem en fan Wim oant Diana. Mei miskien noch in gastset fan dj Sexy Alexy. Lekker de twist dûnsje mei Suzanne van Zwam of losgean op in diskoknaller mei Afke Boven. Ik sjoch ek in polonêze foar my dêr’t Nynke van der Zee de oanjeier fan is, dat ek kroechbaas Jolke komt en mei in bierke yn de hân ‘lekker lekker lekker, hearlik hearlik hearlik’ tsjin Jacob Stelwagen seit, dat besikers mei in pilske tsjin Pyt Paulusma sizze: ‘Wy moatte moarn/mar wer ris even/yn it gleske/sjen’ en tsjin my roppe: ‘Hee tsjinner, moatst noch ien ha?’
Soks. Sa’n feest. Foar Siep, Tjeerd, Bart en Loeky, foar Janke, Bé en Eke, Elie, Fetsje, Doety, Hiltsje, Willie en Harry, Han, Jauko, Beitsche, Tineke, Theo en Anna, foar Ids, Japke, Bôte, Johan, Paul, Ruud, Eddy en Nynke. Foar elkenien en allegear. Omdat de Omrop, ús Omrop, selsstannich bliuwt. En omdat de taal ús bynt.
Dat ik sis: Wêr is dat feestje?"