Tredde elektryske farrûte yn Fryslân komt der

Yn 'e maitiid fan 2017 wurdt mei it oanlizzen fan de tredde elektryske farrûte yn Fryslân úteinset: de Reidmarrûte. De provinsje Fryslân, de gemeente Súdwest-Fryslân en omwenners hawwe dêr in akkoart oer sletten. It nije fartrajekt is in eardere kanorûte, fan Boalsert oer de Blauhúster Puollen nei Aldegea.
De rûte is inkeld en allinne bedoeld foar elektrysk of hybride oandreaune sloepen en kin ek troch suppers en kanofarders brûkt wurde. Mei dizze tredde rûte wol de provinsje Fryslân it skjin en stil farren fierder befoarderje.
De Reidmarrûte komt ûnder by de markes It Fliet, de Reidmar en de Sipkemar lâns te lizzen. Foar it oanlizzen fan de rûte moatte dammen wei helle en brêgen ferhege wurde. Op in tal plakken moatte de fearten mear breedte en djipte krije. De earste stap dy't de provinsje meikoarten sette sil is it finen fan in oannimmer.
Op tiisdei 22 novimber organisearje de provinsje Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân in ynrinjûn foar minsken dy't belangstelling hawwe. Dy jûns krije jo it lêste nijs mei en kinne jo fragen stelle oer it oanlizzen fan de farferbining. De byienkomst begjint om 19.00 oere yn kafee De Freonskip, Vitusdyk 15, Blauhús.