Brânwacht rukt út foar baarnende picknicktafel
De brânwacht fan Drachten moast moandeitejûn yn aksje komme om in baarnende picknicktafel te blussen. De picknicktafel stie oan de Sydwende. De brânwacht wie der fluch by, mar koe net foarkomme dat der hast neat fan it bankje oerbleau. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.