KNSB: "We moatte ferstân brûke by toertochten"

Reedrydbûn KNSB wol graach dat der meardere toertochten tagelyk organisearre wurde by winterwaar. Dêrmei hopet it bûn op in bettere sprieding fan reedrydentûsjastelingen troch de provinsje. It bûn is benaud foar grutte ferkearsproblemen yn Fryslân as der op natueriis riden wurde kin.
"We moeten meer verstand gebruiken dan de schaatsers, die ten koste van alles het ijs op willen", seit foarsitter Rieks Poelman fan de toerôfdieling fan de KNSB.
IIsklups binne net allegearre like entûsjast oer it plan. Foarsitter Age Veldboom fan de iisklup Earnewâld: "Je kinne it iene plak net mei it oare fergelykje. Op plakken mei ûndjip wetter kin earder riden wurde as op djip wetter." De maatregel dy't de KNSB foarstelt, soe betsjutte dat bygelyks de tocht yn de Alde Feanen dan wachtsje moat op grien ljocht fan oare plakken.