Mear gearwurking Omrop Fryslân en oare regionale omroppen

Omrop Fryslân wol neier gearwurkje mei trije oare regionale omroppen yn it noardeasten fan it lân. Dan giet it earst om bygelyks de technyk en de sinteraasje. Mar de omroppen slute net út dat se op termyn ek programma's mei-elkoar meitsje sille. Se ferwachtsje dat de gearwurking helpe kin om programma's te behâlden en te ferbetterjen.
Omrop Fryslân, RTV Oost en RTV Drenthe hiene earder al besletten om gear te wurkjen. RTV Noord hat him dêr no by oansletten.
Fertrouwen
De bestjoerders fan de fjouwer regionale omroppen binne optein oer de gearwurking en sjogge mei fertrouwen de resultaten hjirfan temjitte. Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân fynt it frijwillige aspekt en it eigen tempo fan dizze gearwurking posityf. It is neffens him ek in dúdlik sinjaal nei steatssekretaris Dekker. "Dit is in hiel goed sinjaal rjochting Den Haag en de steatssekretaris. Dy hat te faak sein dat de omroppen net gearwurkje wolle. Dat is nea sa west. Wy litte no yn Noardeast-Nederlân sjen dat wy der konkreet hiel oars yn sitte. Ik hoopje dat kollega's yn it suden en yn de Rânestêd dit foarbyld folgje", seit Koster.