Ferljochte skippen moatte wintersfear yn Drachten ferheegje

Skippen yn it sintrum fan Drachten (argyffoto) © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Histoaryske skippen binne tenei yn de winter wolkom yn it sintrum fan Drachten. De gemeente Smellingerlân biedt de skippen romte oan. Der is ien betingst: de skippen moatte wol ferljochte wurde. De gemeente tinkt dat dat bydraacht oan de sfear yn it sintrum.
Der lizze al trije skippen yn de nije feart. It giet om de skûtsjes De Jonge Trijntje en de Doeke van Martena en it eardere turfskipke Swaentsje.