Twa minsken swierferwûne by botsing Jobbegea

Op de P.W. Janssenwei yn Jobbegea binne oan it begjin fan sneintejûn twa minsken swierferwûne rekke, doe't se mei de auto tsjin in beam oanrieden. It gie om in iensidich ûngelok. De slachtoffers sieten beknypt yn de auto. De brânwacht hat beide slachtoffers út de auto helle en dêrnei is de iene nei it MCL en de oare nei it UMCG brocht.
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de oarsaak fan it ûngelok, de identiteit fan de slachtoffers wurdt letter bekend makke.