Gjin helm? Dan ek gjin krúske

Dielnimmers oan de Alvestêdetocht moatte yn de takomst ferplichte in helm drage. Dat hat it bestjoer fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden besletten. Neffens bestjoersfoarsitter Wiebe Wieling binne der yn 1997 by de lêste tocht sa'n 5000 dielnimmers útfallen wêrfan 50 mei slim letsel. En dat mei yn de takomst net wer barre. It beslút is binend en dat betsjut yn de takomst gjin helm, gjin krúske.
De ferplichting past by de tanimmende oandacht foar feiligens yn de sport. Sa is de helm bygelyks al langer ferplicht by it hurdfytsen en it maratonreedriden.