Lichem fûn yn it wetter by De Lemmer

By De Lemmer is sneintemiddei yn it wetter oan de Rûnwei it stoflik omskot fûn. Earder dy middei wie der in boargenetmelding dien yn ferbân mei de fermissing fan in man.
De plysje hat nei ûndersyk bekend makke dat de man net troch in misdriuw om it libben kaam is. Oer de identiteit koe noch neat sein wurde, omdat de famylje noch net ynljochte wie.