VC Snits fersteviget twadde plak mei 3-1 winst op Zwolle

VC Snits (argyffoto) © Dijks Fotografie
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 wûn yn en fan Zwolle. Se hawwe dêrmei har twadde plak yn it klassemint flink ferstevige. De earste set waard mei 25-22 ferlern fan de thúsploech, mar dêrnei kaam Snits sterk werom. De twadde set gong mei 25-18 oertsjûgjend nei de ploech fan Petra Groenland. Ek yn de tredde en fjirde set koe Regioteam Zwolle net folle mear ynbringe en gong de winst fia de setstânnen 25-21 en 25-15 nei Snits.
Snits hat no 21 punten út 9 wedstriden en stiet ien punt efter koprinner Sliedrecht Sport.