Fûgelhutte iepene yn Kroonspolders op Flylân

Op ien fan de meast fûgelrike plakken fan Nederlân is sneontemiddei in fûgelhutte iepene: de Kroonspolders op Flylân. Yn de maitiid briede dêr in soad fûgels en yn de hjerst is it hiel drok mei fûgels dy't út it Noarden komme. It hiele jier troch fine fûgels der in plak as it wetter oer it Waad spielt.
De Kroonspolders wie foar it grutste part ôfsletten en strikt ferbean foar minsken. Mei de fûgelhutte kinne minsken tenei dochs fan it útsjoch genietsje.