Piet warskôget: ''Snein rûch stoarmwaar''

© Omrop Fryslân
Waarman Piet Paulusma warskôget foar rûch stoarmwaar moarn, mei tige swiere wynstjitten fan wynkrêft 10 of 11. No't de beammen noch fol blêd sitte, kinne dy yn in flinke wynpûster samar omwaaie, seit er. Hy warskôget minsken net mei caravans of oanhingers de dyk op te gean. Hy ferwachtet it hichtepunt fan de stoarm oan de ein fan de middei.
Dêrnei is it ek samar wer foarby. Nije wike wurdt it maitiidswaar, temperatueren kinne tiisdei wolris oprinne oant 12 of 13 graden. Mooglik wurdt it sels in waarmterekôr foar novimber. "Dat soe my neat ferwûnderje", seit Paulusma.
Koade giel
It KNMI hat foar snein koade giel ôfjûn. It waarynstitút warskôget foar swiere wynstjitten by it Waadgebiet.