Wurkstraf foar man dy't masturbearret yn sicht fan famkes

Justysje © Omrop Fryslân
In âld-ynwenner fan Dokkum is troch it hôf yn Ljouwert feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren foar it dwaan fan seksuele hannelingen yn it sicht fan bern. De 67-jierrige man soe yn 2014 ferskate kearen foar it rút fan syn wenkeamer himsels befredige hawwe. Trije famkes fan 8 oant 13 jier hawwe dat doe sjoen.
De man soe fierders nei de famkes swaait hawwe en se mei gebearen yn 'e hûs lokke hawwe. De fertochte hat by de plysje bekend, mar by it hôf ûntkende er.
De saak kaam oan it rôljen, doe't in mem ûntduts dat har dochter en in oar famke by de man thús wiene.
Sûnt de útspraak fan de rjochtbank, ein febrewaris 2015, hat de man yn behanneling west by in forinsysk psycholooch. Neffens de behannelers hat de man gjin seksuele ôfwikingen. It hôf set de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring. De straf yn heger berop is gelyk oan dy fan de rjochter.