Fyftich miljoen euro foar ynkrimpen melkfeesteapel

Der komt 50 miljoen euro foar it ynkrimpen fan de melkfeesteapel. Dat is part fan de maatregels om de dongkrisis yn de melkfeesektor op te lossen. Freed waard nei dagen fan oerlis in definityf akkoart presintearre.
It bestiet út trije ûnderdielen, skriuwt steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken oan de Keamer. Der binne ôfspraken foar it werombringen fan it fosforgehalte yn it mingfoer. Boeren dy't al it melkfee fuortdogge, krije in preemje. Suvelbedriuwen krije in strafkoarting foar alle molke dy't se tefolle binnenkrije.
Boeren hawwe tefolle kij kocht sûnt it molkkwotum ferline jier ôfskaft waard. Sy produsearje dêrtroch mear dong, en dus fosfaat, as ús lân produsearje mei neffens de regels fan de Europeeske Uny. As der gjin akkoart west hie, soe Brussel hurd yngripe yn de Nederlânske melkfeesektor. It Nederlânske akkoart fan freed moat noch wol foarlein wurde oan de Europeeske kommisje.