Sweagerbosk wer by de tiid nei doarpsrekonstruksje

Sweagerbosk is wer by de tiid. Yn oardel jier waarden de diken opknapt, de rioelearring fernijd, in doarpspleintsje oanklaaid en nije beammen en beplanting oanbrocht. Wethâlder Jelle Boerema en foarsitter Jappie Borger fan Doarpsbelang stiene freed mei de doarpsbewenners stil by de ôfsluting fan de rekonstruksje.
De wethâlder krige by dy gelegenheid de doarpsflagge oanbean. De rekonstruksje fan Sweagerbosk hat mear as seis ton koste. Yn de gemeente Kollumerlân c.a. binne no alle tolve doarpen opknapt.