Fytser swierferwûne nei oanriding yn Dokkum

© De Vries Media
In 77-jierrige ynwenner fan Dokkum is freedtejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Rondweg-Noord yn syn wenplak. De man stuts op syn fyts de dyk oer rjochting de Feije van Heemstrastraat. In autobestjoerder koe him net mear ûntwike en skepte de fytser. It slachtoffer rekke slim ferwûne en is nei behanneling troch in trauma-arts oerbrocht nei it UMCG yn Grins.
De bestjoerder fan de auto is oanhâlden. Op it plysjeburo hat er in ferklearring ôflein.