Van Haersma Buma CDA-listlûker

Sybrand van Haersma Buma is troch de leden fan it CDA keazen ta listlûker foar de ferkiezings fan 12 septimber. Van Haersma Buma helle yn de earste ronde in mearderheid fan stimmen, sadat in twadde ronde net nedich is. De opkomst by de ynterne ferkiezings wie heger as ea. Hast 55 persint fan de leden fan it CDA hat der oan mei dien.
Freed om fjouwer oere wurdt de nije listlûker presentearre op it partijburo. Dan wurdt ek bekend hoefolle stimmen eltse kandidaat krigen hat.