The Voice-finaliste Gerrie Dantuma presintearret earste EP

Gerrie Dantuma waard yn 2013 tredde yn de talinteshow The Voice of Holland. Dêrnei wie it wat stil rûn de sjongeres út Stiens. Oant no. Want Gerrie presintearre freedtemiddei har nije EP 'Tone' yn it muzykprogramma Noardewyn Live. Hoe is it no mei Gerrie Dantuma?
Wy hawwe in skoft neat fan dy heard sûnt The Voice. Wêrom?
Ik wie nei The Voice sykjende nei de muzikale rjochting dy't ik op woe. En ek nei minsken mei wa't it klikt om wat moais te meitsjen. Uteinlik haw ik dy fûn yn Heleen Roosdorp en Henk Pool en bin ik tige bliid mei it album dat wy makke ha! Ik haw yn de tuskentiid net stilsitten hear. Ik haw optredens dien en ik haw ek gewoan in baan.
Wêr gean de nûmers op dyn EP oer?
It is in persoanlik, Ingelsktalich album wurden. Der stean fiif nûmers op mei tema's as it plak dêr't ik wei kom, Fryslân en de leafde. De ferskes stean tichteby mysels, om't se my foar in part beskriuwe.
Hat dyn súkses by The Voice holpen om dizze EP út te bringen?
De bekendheid dy't myn dielname oan The Voice opsmiten hat, is seker in foardiel. Der gean mear doarren iepen as minsken je namme kinne. Oan de oare kant moatte je ek wer gewoan opnij begjinne. It is wol leuk dat Ton Dijkman, de drummer dy't ek yn de band fan myn The Voice-coach Marco Borsato spilet, de nûmers op dizze EP ynspile hat.
Is it spannend om dyn muzyk te hearre te litte?
Ja, it is seker spannend. Dizze EP is hielendal myn ding, de muzyk is echt fan mysels. Ik haw der it hiele proses oan meiwurke. De reaksjes fan it publyk op wat persoanliks binne dan spannend. Ik hoopje dat it oppakt wurdt en dat minsken it moai fine.
Hoe sjochsto dyn muzikale takomst?
It album komt freed oeral online. Nije wike snein de 29e sjong ik de nûmers fan dizze EP live mei in band yn Fire kafee yn Ljouwert. Ik hoopje fansels dat de muzyk oanslacht by it publyk. Dan soe ik graach faker mei myn eigen nûmers optrede.