Jier selstraf easke tsjin oplichter út Emmen

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in 29-jierrige man út Emmen is in jier selstraf easke, wêrfan in healjier ûnder betingst. Hy lichte yn jannewaris en febrewaris ferskate boubedriuwen op, ek Fryske. De man kocht djoer ark en masines op namme en rekken fan boubedriuwen dêr't er net wurke. De fertochte hat sa seker tsien bedriuwen yn ûnder oaren Snits, Dokkum, Assen, Grins en Zwolle foar tûzenen euro's oplichte.
Skulden
As de Emmenaar buskes riden seach fan oannimmersbedriuwen, socht er út oft der meardere minsken wurken. Wie dat it gefal, dan die er him foar as wurknimmer fan dat bedriuw en bestelde er allegear djoere masines op rekken fan it bedriuw. It ark ferkocht er wer oan in opkeaper dy't er fia Marktplaats kennen leard hie.
De man die dit omdat er grutte skulden hie. Hy rûn tsjin de lampe doe't de plysje him ein febrewaris by Lelystêd kontrolearre omdat er noch iepensteande boetes hie. Syn auto lei fol ark. De man bekende doe alles.
Begjin jannewaris is er feroardiele foar deselde soart oplichting. De 58 dagen finzenisstraf dy't er doe ûnder betingst oplein krigen hat, moat er no útsitte fynt de offisier fan justysje. Fan de boubedriuwen dy't oplicht binne, hawwe der mar twa skeafergoeding frege. De Emmenaar moat dizze bedriuwen mei-elkoar tûzen euro betelje, fynt de offisier. Op 2 desimber is de útspraak.