'Early-bird tickets' fan Psy-Fi festival fuort útferkocht

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De earste searje kaarten foar it Psy-Fi festival fan 2017 yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert wie tongersdeitejûn al nei oardel minút útferkocht. Dat seit Rob Durand fan de organisaasje fan it festival. It giet om 750 saneamde 'early-bird tickets'. Tongersdeitejûn om acht oere sette de kaartferkeap útein. Fan oer de hiele wrâld, bygelyks út Taiwan, Australië en Sina, waarden alfêst tickets besteld.
''It is geweldich om te sjen dat der wer sa'n soad ynteresse is yn kaarten foar it festival, fan oer de hiele wrâld'', sa seit Rob Durand. Yntusken is ek de twadde searje kaarten al yn 'e ferkeap gongen. It Psy-Fi festival fynt takom jier fan 16 oant en mei 20 augustus plak yn it gebiet krekt bûten Ljouwert.