Antoinette de Jong pakt sulver op 3.000 meter yn Nagano

Antoinette de Jong © ANP
Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat freedtemoarn in sulveren medalje helle by de twadde wrâldbeker op 'e 3.000 meter. Yn Nagano ried de Nederlânsk kampioene allround in tiid fan 4.04.53. De Jong moast allinne wrâldkampioene Martina Sablikova foar har duldzje. Sy wie mei 4.03.56 nipt flugger as de Friezinne.
Anna Joerakova út Ruslân einige op it tredde plak. Ireen Wüst moast it dwaan mei in fiifde plak op it iis yn Nagano.