Húsdokters komme byinoar op jierliks kongres yn WTC Expo

Yn it WTC Expo yn Ljouwert binne freed hast 2.500 húsdokters út hiel Nederlân byinoar op it jierlikse kongres fan it Nederlands Huisartsen Genootschap. Tema is it deistige wurk fan de húsdokter. Der wurdt praat oer de diagnostyk en behanneling fan alledeiske klachten. Dêr falt neffens it NHG noch in soad oer te ûntdekken.
Want by guon pasjinten wurde dy alledeiske klachten feroarsake troch in slimme sykte. It NHG bestiet dit jier sechstich jier en by dat jubileum wurdt ek stilstien op it kongres.