Prinsipe-akkoart oer fermindering fosfaat melkfeesektor

Melke © ANP
De melkfeesektor hat tongersdei in prinsipe-akkoart berikt oer fermindering fan de útstjit fan fosfaat. Dat hat steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken oan de Twadde Keamer witte litten. Organisaasjes fan melkfeehâlders, suvelbedriuwen, banken, bistefoerbedriuwen en it ministearje fan Ekonomyske Saken hawwe de ôfrûne dagen praat oer in oplossing.
Boeren produsearje tefolle dong en dus fosfaat. Der waard ûnder oare praat oer it ferminderjen fan de feesteapel. De details fan it akkoart wurde freed bekend makke.
De belutsen partijen wolle it akkoart earst foarlizze oan de eigen achterban, seit Van Dam.