'Earen fan Boerum' sitte rap mobyl ynternet yn it paad

In grut part fan Noard-Nederlân hoecht foarearst net te rekkenjen op rapper ynternet op de mobyl. It saneamde 4G-netwurk soe noch folle flugger wurde kinne as it no is, mar it satellytstasjon by Boerum sit dat yn de wei.
De grutte skûtelantennes brûke nammentlik deselde frekwinsjebân dy't de mobile telefoanoanbieders ek graach brûke wolle foar dat rappere 4G.
It is sels sa dat it yn in grut gebiet rûnom Boerum ferbean is dy frekwinsjebân te brûken. It giet net allinnich om Fryslân, mar ek om Grinslân, Drinte, in grut part fan Oerisel en Flevolân en Noard-Hollân oant en mei Amsterdam. Dat docht bliken út ûndersyk troch tech-webside Telecompaper.
De oerheid soe de regels oanpasse moatte om oan de Europeeske wetjouwing te foldwaan op it mêd fan rap mobyl ynternet, mar is dat foarearst net fan doel, sa skriuwt de webside. In oanpassing soe de steatsfeiligens yn gefaar bringe.