UPDATE: Wâldwei wer frij nei ûngelok

© Kappers Media
Op de Wâldwei (N31) rjochting Ljouwert hat tongersdeitemoarn in ûngelok west. Dat barde by it akwadukt Langdiel. Troch it ûngelok wie de dyk rjochting Ljouwert earst hielendal ticht. Sûnt 8.30 oere wie der wer ien rydstrook iepen.
Ferkear fan Drachten ôf waard omlaat oer de A32 by It Hearrenfean. Der stie in lange file op de Wâldwei. Om 10 oere hinne wie de dyk wer frij.