FIDEO: Helpferlieners ferdrinkingsdrama Snits krije oarkonde

De njoggen persoanen dy't harren yn maart ynset hawwe om in gesin út it wetter te rêden yn Snits, hawwe woansdeitemiddei in oarkonde krigen. By it ûngelok ried in gesin fan Teksel mei de auto yn de grêft op de Rienck Bockemakade yn Snits. Omstanners besochten it trijetal noch te rêden. De heit en de styfdochter kamen lykwols om it libben. De mem oerlibbe it ûngefal wol, tanksij de omstanners.
"U aarzelde niet"
Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân rikte de oarkonde fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen út yn it gemeentehûs fan Snits. Hy priizge de njoggen rêders yn in koarte taspraak: "Op het moment dat de auto te water raakte, was u daar. U zag het gebeuren of was in de buurt. En u aarzelde niet. U heeft allemaal een rol gepakt in deze reddingsactie en samengewerkt om de slachtoffers te helpen. Wat u heeft gedaan, is niet vanzelfsprekend. Niet iedereen komt in actie, niet iedereen heeft de moed om te doen wat u heeft gedaan."
Sa as op tv
Froukje van Duinen-Postma is ien fan de persoanen dy't meiholpen hat de slachtoffers te rêden. “Ik had nog nooit gereanimeerd, maar ik heb gedaan zoals ik het ooit op tv had gezien. Het hele gebeuren heeft grote indruk op mij gemaakt. De eerste weken na het ongeluk durfde ik amper naar de plaats te kijken waar het drama zich allemaal heeft afgespeeld. Wij hebben een dochter die even oud is als Lissa, dat maakt het voor mij ook heel wrang dat het meisje overleden is.”
De famylje fan de slachtoffers wiene ek oanwêzich, krekt as fertsjintwurdigers fan de plysje, de brânwacht en de Vereniging tot Redding van Drenkelingen.