Tropyske fûgelshow Noardburgum giet troch

It is in sneue bak foar in soad fûgelleafhawwers, de fûgelgryp dy't troch ús lân waret. Yn Noardburgum is de plomfee- en fûgelshow al hast halvearre. De show fan tropyske fûgels giet dêr lykwols wol gewoan troch. En dat is wol hiel fijn foar Zanglust, de fûgelferiening fan Noardburgum. Sy fiere nammentlik harren 50-jierrich jubileum de kommende dagen mei in grutte foliêrefûgelshow.
Heech nivo
360 fûgeltsjes mei de prachtichste kleuren wurde tentoansteld. Se sieten der wol oer yn oft it wol trochgean koe, want de fûgelgryp kin 'm samar útwreidzje en dan komme ek de tropyske fûgelshows yn gefaar. Mar foarlopich liket alles noch prima foar de kommende dagen en kinne de leafhawwers harren de eagen en earen útsjen en hearre.
De keuring fan de fûgels hat al west. It nivo wie heech neffens de karmasters. It heechste oantal punten wie 95 punten. Heger helje kin net. Tongersdeitejûn begjint de show en ek sneon en snein is De Balstien yn Noardburgum iepen foar de leafhawwers.