Krúspunt Drachtsterwei blokkearre troch ûngelok

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op it krúspunt fan de Drachtsterwei, ûnderoan de ôfrit fan de Waldwei, binne oan it begjin fan woansdeitejûn twa auto's op mekoar botst. Troch it ûngelok waard in part fan de krusing blokkearre. It ferkear op de Wâldwei stie dêrtroch by de ôfritten fêst.
Plysjes regelen it ferkear en beide auto's moasten ôfsleept wurde. Hoefolle minsken ferwûne rekke binne is noch net dúdlik.