"Regels foar ferfangen wynturbines moatte ienfâldiger"

Besteande wynturbines op it Fryske fêste lân moatte ferfongen wurde kinne troch nijere, lúksere eksimplaren. Allinne dan hellet de provinsje de doelstelling om yn 2020 530,5 megawatt oan wynenerzjy te produsearjen. Dat seit fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Hy ropt dus op ta it ienfâldiger meitsjen fan de regels.
No is it noch sa dat nije wynturbines troch de fergunning net ôfwike meie fan de âlde mûnen. Mar dy hawwe der al minimaal 15 jier draaien opsitten en binne swier ferâldere. Nije wynturbines binne grutter en ha nijere techniken.
85% stiet op omfallen
Ofrûne moandei makke ek de feriening Wynturbine Eigners Fryslân him soargen. Yn Fryslân moat fan de totale 530,5 megawatt wynenerzjy der 160 megawatt op it lân wûn wurde. De measte enerzjy sil wûn wurde op it wetter yn de Iselmar by it Wynpark Fryslân. Fierder komme der mûnen by de kop fan de Ofslútdyk en by de Noardeastpolder.
Ut in rapport fan de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland docht bliken dat der op dit stuit 168 megawatt wynenerzjy op it Fryske lân wûn wurdt. Yn 85 prosint fan de gefallen (142 megawatt) wurdt de wynenerzjy binnen helle troch mûnen dy't op omfallen steane.
As Fryslân de doelstelling fan 530,5 megawatt wynenerzjy yn 2020 net hellet, dan is de ChristenUnie benaud dat it Ryk bepaalt wêr't mûnen delsetten wurde sille yn Fryslân. En dat moat net, seit fraksjefoarsitter Wiebo de Vries.