Plysje stoppet weedtaksy Easterwâlde

© Simon Smetryns / sxc stock exchange
De plysje hat twa ynwenners fan Easterwâlde oanhâlden, dy't op bestelling op de fyts softdrugs besoargen by har doarpsgenoaten. De plysje kaam de twa op it spoar nei tips út it doarp, dy kamen mei fan minsken dy't har soargen makken oer de levering oan minderjierrigen.
By it ûndersyk folge de plysje de twa by har wurk. Sa waarden ek fjouwer klanten opspoard, ien fan har wie in jonge fan 15. De twa manlju, fan 27 en 22 jier âld, binne heard op it buro. By har thús binne weed en jild yn beslach naam.