Studinten binne wurch, mar wol tefreden oer har libben

Hoe giet it mei de studint anno 2016? Ha se stress, is it lienstelsel funest en libje se wol sûn en hoe sjogge se nei de takomst?
Under earstejiers-studinten fan NHL Hogeschool, Stenden en van Hall Larenstein is ûndersyk dien nei de lichaamlike- en psychososjale sûnens. Mei elkoar ha 747 Ljouwerter HBO-studinten de fragelist ynfolle.
De studinten jouwe oan dat se oer in langere tiid wurch binne, geregeld migrêne ha en ek komme dysleksy en dyskalkuly faak foar. Wat smoken oanbelanget litte se oer it generaal wol in sûne libbensstyl sjen.
Prakkesearje
Minder sûn binne de studinten as it giet om sporten, alkohol en skulden. Ek jouwe se oan dat se ûnwis, senuwachtich en gespannen binne en in soad prakkesearje. Klachten dy't mei dy spanning te krijen ha, binne wurgens, pineholle en lestich yn sliep falle kinne. De studinten meitsje harsels trouwens net drok oer hoe't se libje. Ek 90 prosint fan de studinten is tefreden oant hiel tefreden mei it libben.
Narjen
In tredde fan de studinten hat lêst fan narjen en diskriminaasje, ien op de fiif hat problemen mei skoalwurk en rûzjes mei âlden. Inselde part fan de studinten hat lêst fan yngripende saken lykas in echtskieding fan âlden en jout oan dat dat ek fan ynfloed is op de stúdzje.
Fertrouwen
De studinten hawwe fertrouwen yn de takomst en binne tefreden mei har libben. Lichaamlike en psychyke sûnens is fan belang foar studinten om suksesfol studearje te kinnen en de stúdzje binnen de stelde tiid klear te krijen. Bettere sûnens kin troch: betelbere opsjes yn de kantine, stimulearjen fan sport, normalisearje fan problematyk lykas burn-out as gefolch fan stúdzjedruk, besprekber meitsje fan problemen en mear stipe oan studinten yn it earste jier.
Undersyk
It ûndersyk is dien troch lektoraat iHuman/Welzijn Zorg Digitaal fan de NHL yn gearwurking mei de oare hegeskoallen, Stichting Leeuwarden Studiestad en GGD Fryslân. De respons fan dit ûndersyk wie 16 prosint. Dat is net hiel folle, mar oare ûndersiken fan bygelyks de GGD jouwe inselde byld. It ûndersyk bestie út 62 fragen.