Ungelok by rotonde De Jouwer: A7 wer frijjûn

By it slimme ûngelok op de A7 by De Jouwer is in gesin út Snits ferwûne rekke. De 31-jierrige heit en de 29-jierrige mem rekken slim ferwûne, harren dochterke fan in jier rekke ek ferwûne. De slachtoffers binne nei it UMCG yn Grins brocht. It gesin stie op de A7 fan Snits nei It Hearrenfean yn de file foar de rotonde, doe't se fan achteren oanriden waarden troch in 39-jierrige frachtweinchauffeur út Mijdrecht.
De man is oanhâlden en syn rydbewiis is ynnaam. Hy wurdt heard as fertochte fan it feroarsaken fan in slim ûngelok. Neist de auto mei it Snitser gesin wiene der noch trije auto's by it ûngelok belutsen. De ynsittenden kamen mei de skrik frij. De gaos wie grut. Rykswettersteat hat oeren lang dwaande west om de dyk op te romjen. Ferkear waard omlaat.