Kollum: ''Derogaasje''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
''Tusken Balk en Wâldsein kin ik efkes fansiden sjen. Wol in moai stikje greidenatuerlânskip. Der sit no ek in hoekje plas-dras tusken. Yn it foarjier wienen der al wer bûterblommen. En wat reade surk, mar blau en rôze waard it noch net. De beammen lâns de dyk binne wat ûnlykmjittich kapt. Siet sykte yn tink, mar der is ek noch neat nijs. It lân is net daverjend. Der is teminsten net in goes te finen; dy komme echt op it fette gers ôf. Der binne wol oare fûgels. Sjoch, dêr stiet in wite reager. Hy ljochtet suver op yn it skiere dizenige moarnsljocht. Efkes fierderop in grauwe hoanskrobber. En op wer in oar stikje noch in iensume ljip, net meigien yn de sjarterflecht nei it suden. Dy tinkt dat aanst boppe Frankryk op ien ljip net sketten wurdt.
Hoe soe ’t trouwens mei dy boeren dêr wêze. Goed in jier lyn sieten se dêr noch oan de strôt ta yn de mûzen. Se dogge no de kij net iens nei bûten om it lêste gers op te fretten; dêr ha se skiep foar. Hjir en dêr gean se der sels noch mei de meanmasine oerhinne. Dat hoecht net echt; in hiel bêste simmer hân wat kuil en hea oanbelanget. De boeren ha it wurk foar de winter dien, inkeld de provinsje moat noch wat hekkelguod lâns de dyk ophelje. Se wurde no wer 'fergader'boer. “Wêr giest hinne”, seit de frou, “wêrom giest sa hoeden fuort”. “We ha in stikeme gearkomste oer derogaasje”. “Wat is derogaasje?”. “Dat is wat wy hjir yn Fryslân altyd dienen, mear stront oer it lân donderje as Europa seit dat it ha kin. As we de kij no noch bûten hienen, dan moasten se krekt as de hynders op Skier in strontsek om ’e kont ha. Mar ssst, stikem”.
Want yn Brussel meie se net witte hoe’t ús lân der oan ûntkomme wol dat we hast 500.000 kij nei de slachter smite moatte en sa de hiele fleiswrâld wer yn ûnstjoer bringe. Mar ek Sita van Keimpema mei net stikem meiprate yn it stikeme petear, en dat betsjut dat we wer wis binne fan protestearjende DDB-boeren yn Brussel dy’t de molke oer de skuon fan Juncker jitte.
Europa seit: net mear stront. Wylst ús boeren nei it opheffen fan de superheffing dochs allegearre mear kij oanskaften en tochten dy tefolle stront reitsje we wol kwyt. Dat koe oars dochs ek. Nee dus. No wiene se ek frij dom, se stjoerden steatssekretaris Van Dam nei Brussel om it te regeljen. No dy sjocht der net út dat hy wolris tefolle skyt. Dêrom wie dat stikeme gedoch miskien ek wol goed, mar it hie fansels folle breder moatten. Net inkeld de Campina mei de LTO en banken en sa. Want wy, ynklusyf boeren, soene no einlik ris in ienriedich belied foar it bûtengebiet ha moatte mei op alle mêden in echt lykwicht tusken natuer en boer. Ja, ik wit ek wol dat it in fata morgana is. Mar we ha’t ek noch nea besocht.
Want al dy yndividuele oprispings doge net. Sa’n natuerwurkgroep yn Noardeast Fryslân dy’t wol dat se allegearre twa kij de bunder ha. Muorrefêst en gjin aan fan ambysje en produksje. Sa’n steatssekretaris Dijksma dy’t noch mar wer ris ûndersykje sil as in ko net mear CO2 útboerd as de REC-skoarstien. Natuerbeskerming dy’t Van Dam bewege wol it natuerynklusyf lânboubelied no al wer om te smiten, wylst we krekt wat nijs ha. En dan dy stikeme gearkomste moandei. Noch neat fan heard. Mar in belied foar in hiel lân, foar hiel Europa, is der echt net útkaam.
It moat oars: in stik as wat gewoane net al te âlde boeren; fjildmannen sûnder grize sokken; in jonge ûndersiker fan grûn en wat der op groeie kin; in boeresoan dy’t op it molkfabryk wurket; in studint fan Wageningen; it nije frommeske fan it wetterskip. Sok folk giet mei syn allen in jûn yn it bûthús sitten. Dy prate dan it lykwicht ôf oer de hoeke wêr’t se ynsitte. En dat moat dan de miljeuamtner, de bûterdirekteur, de LTO-foarsitter, Albert Heyn, politisy en oar establishment dan mar opfrette. Mar wit wol, dy bûthúsjonges en hotemetoten moat allegearre wol ta de ponge. En wy ek.''