'Wijnjewoude Energie Neutraal' wint Henk Aalderink priis

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
It projekt Wijnjewoude Energie Neutraal is de winner fan de Henk Aalderink priis 2016. Wynjewâld is dwaande om yn 2025 enerzjy neutraal te wêzen. De hele doarpsmienskip besparret op enerzjy en wekt yn eigen doarp griene enerzjy op. Neffens de sjuery is dit projekt in foarbyld foar it plattelân fan de takomst.
De Henk Aalderink priis is in inisjatyf fan de P10, it gearwurkingsferbân fan grutte plattelânsgemeenten. Op 2 desimber wurdt de priis útrikt yn Zeist.
De priis
De Henk Aalderink priis is ferneamd nei de oprjochter fan de P10. De grutste plattelânsgemeenten kamen by mekoar om sa yn Den Haach in stevich plattelânslûd hearre te litten. It doel fan de priis is om oan hiel Nederlân sjen te litten dat it plattelân libbet, enerzjy hat, spannend is, fernijend is en leaut yn de takomst.
De P10 hat 25 ynstjoeringen út hiel Nederlân krigen. Neffens de sjuery is Wijnjewoude Energie Neutraal as projekt it meast fernijend en realistysk. It fergruttet de leefberens en is in antwurd op de fraachstikken dêr't we yn de takomst as plattelân mei te krijen ha.
Gemeente grutsk
De gemeente Opsterlân is grutsk dat Wynjewâld de priis krijt. Boargemaster Ellen van Selm: “Over 10 jaar gezamenlijk in eigen dorp zoveel duurzame energie opwekken dat je in de eigen dorpsbehoefte kunt voorzien. Dat was de uitdaging die Plaatselijk Belang met het dorp aanging. Dat de inzet die Wijnjewoude hiervoor levert, wordt beloond met een prijs is zeer verdiend.”