Bobslider Jeroen Piek jaget Olympyske dream nei

Bobslider Jeroen Piek wol nei de Olympyske Winterspelen 2018 yn Súd-Koreä. De 26-jierrige atleet fan It Hearrenfean is yn training foar in plak yn de fjouwermansbob fan piloat Ivo de Bruin. Yn 2014 siet Piek by de seleksje fan it Nederlânsk team fan Edwin van Calker en Sybren Jansma, mar flak foar de OS yn Sotsji foel hy doe ôf. Troch in knibbelblessuere en in depresje gie Piek dêrnei troch in djip dal. It like de ein fan syn karriêre, mar sûnt ferline jier sitte de prestaasjes wer yn 'e lift en hopet Piek dat syn Olympyske dream no wol útkomt.