Fuortheljen beammen yn bosk Gaasterlân goed foar de natuer

It komt net sa faak foar, mar út en troch wurdt der hout fuorthelle yn de bosken fan Gaasterlân. Ien kear yn de fiif jier ûngefear. Dat is net allinnich om de natuer te beskermjen, mar ek om it hout opnij te brûken. Der wurdt bygelyks papier fan makke, of pallets, meubels en flierren.
It selektearjen fan de beammen wurdt mei soarch dien. Der wurdt earst sjoen oft der net dasseburchten by de beammen sitte of fûgels briede. Ek wurde beammen oanwiisd dy't foar lange tiid yn de bosk stean bliuwe moatte, de saneamde takomstbeammen.
Sa ûntstiet in bosk mei ferskate soarten beammen fan ferskate leeftiden.
As beammen fuorthelle binne ûntstiet romte, falt ljocht op de boaiem en krije krûden, struken en jonge beammen de kâns om te groeien. Sa kin de bosk him op in natuerlike wize ferjongje.
Troch de wurksumheden binne ferskate parten fan de bosk ôfsletten. Ek boskpaden kinne wat minder tagonklik wêze.