Gearwurking frijwilligers om gruttere klussen oan te pakken

Goed tsien frijwilligersorganisaasjes yn Noardwest-Fryslân wurkje sûnt koarten gear om ek gruttere putsjes oanpakke te kinnen. Te tinken falt dan bygelyks oan in ferhuzing of it ûnderhâld fan in grutte tún. Dit moat dien wurde troch groepkes frijwilligers.
De frijwilligerssintrale fan de Stichting Welzijn Middelsee is op syk nei minsken dy't de groepkes begeliede kin. Dan kin it hele plan in súkses wurde.
Op facebook stiet in oprop foar minsken om har hjirfoar oan te melden.