'Bib Gourmand' foar fjouwer Fryske restaurants

Hurd wurkje yn de keuken © ANP
Fjouwer restaurants yn Fryslân hawwe dit jier in Bib Gourmand krigen. Dizze spesjale ûnderskieding wurdt alle jierren útrikt troch Michelin. De restaurants wurde beoardiele op de kwaliteit fan it iten en de priis dy't derfoar betelle wurde moat.
Le Petit Bistro yn Snits krijt de Bib Gourmand dit jier foar it earst. Restaurant Lyf's yn Beetstersweach krijt him foar de alfde kear. Ek it Spijshuys út Boarnburgum hat de ûnderskieding wer krigen. De nije bistro Nijholt fan hotel Lauswolt yn Beetstersweach is ek beleane mei in Bib Gourmand.
Restaurant De Heeren fan Harinxma fan itselde hotel krige ferline jier foar it earst in Michelin Stjer. Letter dizze wike wurdt bekend wa't dit jier in Michelinstjer krijt.