Noordgat en KNRM wurde it net iens oer bemiddelingskommisje

KNRM © Emma van Laar
It skeel tusken rederij Noordgat en de KNRM wurdt net oplost troch bemiddeling troch in kommisje. Dat hat minister Schultz fan Ynfratruktuer en Miljeu de Twadde Keamer witte litten.
Yn desimber 2015 waard in moasje oannommen. Der soe in kommisje opset wurde dy't de ûnienichheid tusken beide partijen beoardielje soe. Dat kin allinnich as beide partijen it iens binne oer it fraachstik en de noarmen foar sa'n kommisje, is de minister fan betinken. Beide partijen binne it dêr net oer iens.
Noordgat fynt dat de KNRM ûneigenlik gebrûk makket fan syn posysje as partij dy't troch de kustwacht útstjoerd wurdt nei elkenien dy't om help freget. Neffens de minister moatte beide partijen der ûnderling út sjen te kommen.