"Escherkeunst" mei stean bliuwe op strân Skylge

© rijkewaddenzee.nl
It projekt WindWerk op it strân fan Skylge mei yn alle gefallen oant de ein fan dit jier stean bliuwe. It keunstwurk bestiet út geometryske foarmen fan helmgers en striepakken en is ynspirearre op de tekeningen fan Escher. Troch de wyn groeit it fjild stadichoan út ta in dúnlânskip mei natuerlike foarmen. It projekt wie opset foar Oerol, as lânskipskeunst. Mar it projekt hat ek wittenskiplike wearde, as ynnovatyf eksperimint mei dúnfoarming
It Programma naar een Rijke Waddenzee en de universiteit fan Wageningen dogge der oan mei.