Q&A: hoe is it mei Moos, Abe-Jan en Isabella?
Yn de twadde rige fan 18yn2018 wurde de haadrolspilers fan de earste searje opnij besocht. De dielnimmers oan it projekt wenje op ferskate plakken yn Fryslân, fan It Amelân oant Jobbegea. Ferline jier stjoerde Omrop Fryslân de earste rige út, wêrby't wy yn de kunde kamen mei 18 Fryske jongeren, dizze winter stiet de twadde rige op 'e rol.
It programma 18yn2018 folget de dielnimmers yn it deistich libben. Thús, op skoalle mar ek by de muzykles of op de sportklup. Jongeren fan dizze leeftiid hawwe in protte ambysjes foar de takomst en de kommende jierren binne dan ek bepalend foar it fierdere libben. Yn 18yn2018 stean de jongeren sels sintraal en komme der praktysk gjin folwoeksenen oan it wurd. Sa sjogge wy de jongeren yn fjouwer jier opgroeien fan bern nei jonge folwoeksenen.
It folsleine programma wurdt al dy fjouwer jier makke troch Dieuwke Kroese, wy namen kontakt mei har op om te hearren hoe't it derfoar stiet mei it programma en mei de jongeren.
- Hoe wie it foar dy as makker om no nei in jier wer by de jongeren te sjen?
Wy seagen de bern foar it earst yn 2014 dus wy binne al wer twa jier fierder. It is echt hiel leuk om de jongeren wer te sjen. Guon stekke no in kop boppe my út. Der is in grut ferskil fyn ik, in 14 jierrige is eins noch in bern en dat kin je fan in 16 jierrige net echt mear sizze.

- Wiene der grutte feroaringen by harren?
It wie moai om te hearen dat de takomstdreamen kompleet feroarje kinne yn twa jier. Morgan ut Terwispel is bygelyks hielendal ophâlden mei de topsport wylst sy ferline jier noch it NK allround turnjen wûn. Fierder meitsje de bern ek minder leuke dingen mei sa as in skieding, of it ferlies fan in dierbere. Elts bern hat in eigen ferhaal.

- De earste rige is fansels no al útstjoerd, der hawwe reaksjes west, woene de jongeren allegearre noch wol meidwaan?
Lokkigernôch fine de measte jongeren it hiel leuk om wer mei te dwaan. It is wol sa dat de ien it makliker fynt om yn de skynwerpers te stean as de oar.
Lokkigernôch fine de measte jongeren it hiel leuk om wer mei te dwaan. It is wol sa dat de ien it makliker fynt om yn de skynwerpers te stean as de oar.
- Wat is foar dy it hichtepunt fan de rige opnamen fan dit jier?
Hichtepunten wol ik eins net neame want dan doch ik oaren wer te koart. Ik soe sizze gewoan sjen nei de ôfleveringen en meilibje mei de ferhalen fan allegearre.
Hichtepunten wol ik eins net neame want dan doch ik oaren wer te koart. Ik soe sizze gewoan sjen nei de ôfleveringen en meilibje mei de ferhalen fan allegearre.
- Wêr is 18 yn 2018 dit seizoen werom te finen?
De searje is te sjen op finsteropfryslan.frl. Wy hawwe ek in 18yn2018 Facebook site mei leuke filmkes, even like fansels.
https://www.facebook.com/18yn2018/
De searje is te sjen op finsteropfryslan.frl. Wy hawwe ek in 18yn2018 Facebook site mei leuke filmkes, even like fansels.
https://www.facebook.com/18yn2018/
Sa stiet der hjoed in filmke op fan Moos van Breukelen, dy't as dream hie om as hulppyt mei te dwaan oan de Sinteklaze-yntocht.