Skuorren yn Lemster huzen

17 maaie 2012 - 15:01

Acht huzen oan 't Leeg op De Lemmer ha skea troch wurksumheden oan de Rienslús. Dat wurk moast dien wurde as beskerming tsjin de hieltyd hegere wetterspegel. De gevels binne skuord en de muorren fersakje. Dy skea is neffens de bewenners fan 't Leeg ûntstien troch it heiwurk by de slûs.

It wurk wurdt útfierd troch it wetterskip. In fersekerder hat foartiid sjoen wêr't de risiko's leinen. De huzen oan 't Leeg foelen bûten dat gebiet. Dochs kamen der al gau klachten. Dêrnei hat it wetterskip de wurkwize oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)